De verkiezing voor een nieuwe Dichter des Vaderlands is in volle gang en de campagnes komen op stoom. Dit blogje is gelijk ook maar een stemadvies.En wat vond ik dan zo mooi? Dit gedicht van Tsead Bruinja. Het brengt (deels) wel onder woorden hoe ik als Fries om utens Friesland zie. Vertaling en uitleg hier. Oh, en stemmen! De plannen van de kandidaten voor als ze het mogen worden zijn alleen al interessant om te lezen.
weromgean is it wurd net
weromgean is it wurd net
foar wat der bart at ik mei myn frou de ôfslútdyk oer ryd
of at ik yn ljouwert de trein út stap en it perron op rin
thúskomme is it ek net want dat soe betsjutte dat der oan fryslân
noait wat feroaret en dat ik allinnich mar ûnderweis
nei in mankelyk fertekene ferline bin
nee at ik dy trein út stap of by zürich harns en pingjum delryd
dan sjoch ik út nei nije minsken nije dichters en nije poëzij
en dat dy minsken ûnder dyselde romme loften wenje
at wêr’t ik ûnder berne bin en dat der yn dy rûge wrâld
dêr’t de westereinders en de mannen fan `e harkema wykeins
yn feankleaster fêst noch wolris mei inoar op `e fûst sille
en dat yn dyselde wrâld de ferboude pleats dêr’t myn widze stie der noch is
en de buorman dy’t yn de jierren santich alles noch mei hynder en wein die
al jierren ûnder de fryske griene seadden leit lykas ús mem pake en beppe
en dat ik dêr neat oan feroarje kin
dat is foar my ek fryslân
mar weromgean is it wurd net
machtig moai, ik sil dit gedicht oefenje, want ik moat soms hjir en der wolris deklamearje.
dit rekke my wol.
Ik ha ek op dizze jonge stemt mei it argument fan de twataligens, dat hienen de oare kandidaten net neffens my. Spytiggenoch hat myn dûbele stim net genôch west om him de oerwinning te jaan.
Oare kear better.